Afganistan dreech foar famkes

29 mrt 2011 - 19:34
  • Sahar

Famkes sa as Sahar hawwe it tige dreech yn Afganistan, sa stiet yn it nijste amtsberjocht oer dat lân. Minister Leers hie frege om ekstra ynformaasje oer famkes yn Afganistan foar syn beslút oer Sahar út Sint Anne.

Yn it berjocht stiet dat famkes mei in westerske libbensstyl mikpunt binne fan spot en fernedering. Op skoalle fine se gjin oansluting en se kinne net allinne oer strjitte. Se ha grutte kâns op pesterijen en yntimidaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)