Afgaans gesin krijt ûnderdak

25 nov 2005 - 13:52

In Afgaans gesin dat tongersdei op strjitte setten is yn Dokkum, hat ûnderdak krigen by in Dokkumer thús. It gesin, heit mem en twa bern fan 6 en 9 jier, wachtsje dêr in pear wiken op de útkomst fan de asylproseduere.

Troch in flater fan de advokaat fan it gesin tocht it COA dat de famylje it lân út moast en dêrom is it gesin tongersdei al út it asylsikerssintrum fan Dokkum setten. Yn de needopfang is gjin plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)