Afgaan saak Vaatstra heard

13 maaie 2005 - 00:00

Yn Londen is tongersdei de Afgaan heard dy't mooglik mear wit oer de moard op Marianne Vaatstra. Twa plysjes en in offisier fan justysje ha oeren mei de man praat. De man wenne seis jier lyn yn it AZC fan Kollum. Marianne Vaastra waard op 30 april 1999 ombrocht.

Justysje wol net sizze wat it petear opsmiten hat. De famylje Vaatstra is op de hichte brocht. Neffens heit Vaatstra is de saak der neat mei opsketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)