Afgaan fertocht yn saak Vaatstra

09 maaie 2003 - 00:00

Justysje siket in Afgaan as fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra. Dat is freed befêstige. Syn sinjalemint is ynternasjonaal ferspreid.

De stoarne man út Boalsert, dy't koartlyn opgroeven is yn ferbân mei de moard, hat dêr neat mei te krijen. Dat docht bliken út DNA-ûndersyk. Justysje miende dat de mem fan 'e man net mear libbe en dêrom net op in oare manier DNA ôf te nimmen wie. Dat wie in flater, seit justysje no.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)