AFA warskôget foar PVV

19 jul 2010 - 15:52

De AFA, de anty-fasistyske aksje, sil yn de oanrin nei de steateferkiezings fan maart aksjefiere tsjin de PVV. De AFA fynt guon stânpunten fan de PVV diskriminearjend en de kant út gean fan ekstreem-rjochts. Neffens de AFA witte minsken kwalik wêr't de partij krekt foar stiet en hoe't se oer guon saken tinke.

Mei posteraksjes moat de kiezers dat dúdlik makke wurde. De anty-fasisten sykje dêrfoar gearwurking mei tsjerken en organisaasjes foar minderheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)