AFA-aksjes tsjin PVV

13 des 2010 - 22:20

De Fryske antyfaksistyske beweging AFA Fryslân sil yn de oanrin nei de steateferkiezings aksje fiere tsjin de PVV. Tocht wurdt oan it plakken fan posters en stikkers. Fierders binne der ideeën foar ludike aksjes. Op aksjes lykas it kalkjen fan heakkekrusen op ruten en muorren sil it lykwols net útdraaie.

AFA Fryslân fergadere moandei op in geheime lokaasje oer de kampanje tsjin de PVV. Fjirtjin antyfaksisten kamen derop ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)