Aerden Pleats oer grins fan 5000 besikers hinne

17 des 2014 - 06:23

De Aerden Pleats yn Aldebiltsyl hat tiisdeitejûn de 5000ste besiker oer de flier hân. Anco de Jong waard de lokkige doe't er nei binnen stapte foar in lêzing fan Sytse Keizer. Klaske Miedema, bestjoerslid fan it kultureel besikerssintrum, hat De Jong dêrom in bosk blommen oerlange.

Dat de grins fan 5000 besikers helle wurde soe, hienen se by de Aerden Pleats oan it begjin fan it jier net ferwachte: ferline jier kamen der goed 3900 minsken nei it sintrum ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)