Aeolus yn Seisbierrum ferkocht

29 nov 2002 - 00:00

Aeolus yn Seisbierrum is ferkocht. Op 6 jannewaris takom jier wurdt Aeolus eigendom fan de Bal-lorig groep. Dy wol Aeolus yn syn hjoeddeistige foarm bestean litte, mar der ek nije aktiviteiten foar bern oan taheakje.

De piramide fan it sintrum en it gebiet deromhinne wurde opknapt. Aeolus wie oant no ta yn hannen fan de kristlike hegeskoalle yn Ljouwert. Dy hie it sintrum, dêr't bern natuerkundige proefkes dwaan kinne, te keap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)