Aegon stapt út Thialf

26 okt 2009 - 15:46
  • De Aegon wol ôf fan de oandielen yn iisstadion Thialf (foto: Martin de Jong)

Aegon wol ophâlde as oandielhâlder fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Doe't Thialf fallyt drige te gean binne Aegon, Essent en de gemeente Hearrenfean der elk ynstapt mei oardel miljoen euro. Mar oan 'e ein fan dit seizoen hâldt Aegon nei tritich jier op mei it sponsorjen fan 'e KNSB.

Dat hâldt neffens Aegon ek yn dat se de oandielen fan Thialf kwyt wol. Dat bart yn in perioade dat der praat wurdt oer in mooglik nij Thialf. Aegon sil dêr hoe dan ek net yn ynvestearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)