Aegon Ljouwert 50 banen kwyt

29 sep 2011 - 08:45

By fersekerder Aegon yn Ljouwert ferdwine 50 banen. Dat hat de direksje tongersdei bekend makke. It bedriuw wol takom jier 100 miljoen euro oan kosten besparje. Lanlik gean der yn totaal 300 banen ferlern. Twongen ûntslaggen wurde net útsletten.

Yn Ljouwert wurkje 800 minsken. Dêr ferdwynt wurk, mar der komme ek banen by. Mei de besparring tinkt it bedriuw effisjinter wurkje te kinnen. Ek kin Aegon sa better ynspylje op de feroarings yn de merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)