Aegon docht frijwilligerswurk

20 jan 2014 - 15:53

Meiwurkers fan fersekeringskonsern Aegon sille freed de hiele dei oan de slach as frijwilliger by Middelséhiem yn Ljouwert, in deibestegingslokaasje fan Talant. Sy dogge dêr mei in tal ferstanlik hendikepten mei oan in sport- en aktiviteitedei. Se kinne reedride, bowle, iten siede en toanielspylje.

De aktiviteiten wurde organisearre troch in pear studinten fan it Cios op It Hearrenfean. Sy wolle minsken út it bedriuwslibben en ferstanlik hendikepten mei-elkoar yn kontakt bringe.

De aktiviteiten wurde hâlden yn de iishal yn Ljouwert, by it bowlingsintrum De Grote Keizer, by in sportskoalle en yn Middelséhiem sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)