AED's kostje tenei jild

01 feb 2014 - 12:16
  • AED werompleatst op doarpshûs De Fochtel

Doarpen yn Smellingerlân skrikke fan de hege ûnderhâldskosten foar de reanimaasje-apparaten dy't se mei yngong fan dit jier sels betelje moatte. It giet alle jierren om in pear hûndert euro it doarp.

De oanskaf en it ûnderhâld waard de earste trije jier troch de gemeente betelle. Doarpsbelangen krije no offertes fan bedriuwen dy't it ûnderhâld oan de AED's graach dwaan wolle. Alle doarpen soene dêr ôfsûnderlik wat foar regelje moatte. De gemeente wol mooglik ien grut ûnderhâldskontrakt foar alle doarpen, seit wethâlder Berenst.

Foarsitter Douwe Hiemstra fan doarpsbelang Nijegea seit dat troch bestjoerswikselings faak net by elk dúdlik is wat de konsekwinsjes fan it hawwen fan de AED's binne. No't de apparaten der ien kear hingje, kinne se net wer fuorthelle wurde. "Gjin inkele bestjoerder soe it op syn gewisse hawwe wolle dat der dan krekt wat bart yn it doarp". Hiemstra is bliid mei de tasizzing dat Smellingerlân helpe wol mei it sluten fan in mienskiplik kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)