AED De Fochtel weromfûn yn oanhingwein yn Appelskea

02 feb 2016 - 18:01
  • AED werompleatst op doarpshûs De Fochtel

De Automatyske Eksterne Defibrillator fan it doarpshûs op De Fochtel dy't ferline wike stellen waard, is werom. De plysje hat it apparaat it ôfrûne wykein yn in ôfsletten oanhingwein yn Appelskea weromfûn. Op de karre lei mear guod dat mooglik stellen is, lykas noch in oare defibrillator.

Bewenners fan de Bovensteegde yn Appelskea bellen de plysje doe't se it fertocht fûnen dat de oanhingwein sûnder kenteken oan in beam fêstmakke stie. Doarpsbelang De Fochtel is bliid dat de foarsjenning dy't libbens rêde kin, werom is.

Foarkomme dat de defibrillator no wer stellen wurdt is lestich. Der wurdt neitocht oer in meldsysteem mei in pinkoade, mar dat smyt fertraging op as de AED brûkt wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)