Advysrieden wize Suderseeline ôf

08 apr 2006 - 08:51

Trije advysrieden fan de regearing wize de oanlis fan de Suderseeline ôf. Dat binne de ried foar Ferkear en Wettersteat, de ried foar it lanlik gebiet en de VROM-ried.

De advysrieden binne it deroer iens dat in nije flugge spoarferbining fan Amsterdam nei Grins net bydraacht oan it ferbetterjen fan de ekonomyske situaasje yn it Noarden. It advys is freedtemoarn oan it kabinet stjoerd. Tongersdeitejûn lekte it nijs al út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)