Advysrapport Waadsee wer útsteld

24 mrt 2004 - 00:00

It rapport fan de Adviesgroep Waddenzee komt tongersdei net út. De publikaasje is ôfsein fanwege it ferstjerren fan prinses Juliana. It advysrapport soe oanbean wurde oan de ministers Dekker, Veerman en Brinkhorst fan VROM, Lânbou en Ekonomyske Saken. Net dúdlik is wannear't dat no wol bart.

Earder lekte al út dat de kommisje-Meyer, dy't it rapport opsteld hat, posityf is oer gasboarrings yn de Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)