Advyskommisje foar Stamboek

28 feb 2005 - 16:43

In eksterne advyskommisje sil de oerbleaune bestjoersleden fan it Frysk Hynstestamboek helpe de Algemiene Ledegearkomste ta te rieden. Yn de kommisje sitte Twadde Keamerlid Joop Atsma, boargemaster Cazemier fan Dongeradiel en âld-rjochter Wegener Sleeswijk.

Ferline wike stapten fiif leden fan it Stamboekbestjoer op, nei't de twa oare bestjoersleden krityk hiene op harren wize fan bestjoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)