Advysgroep Waadsee ynsteld

20 sep 2003 - 00:00

It kabinet is freed akkoart gien mei it ynstellen fan in ûnôfhinklike advysgroep foar de Waadsee. De groep komt yn jannewaris mei in rapport oer gaswinning, natuer en fiskerij. Foarsitter fan de groep wurdt de PvdA'er Wim Meijer.

De advysgroep sil ûnder oaren besjen moatte oft yn de takomst noch romte is foar fiskerij op de Waadsee. Fierder moat de groep him bygelyks útsprekke oer gaswinning op it Waad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)