Advysburo foar túnbedriuwen

08 des 2012 - 12:48
  • Mello Tenge fan Hovenier Support

Op It Hearrenfean is in advysburo foar túnbedriuwen úteinset. In soad bedriuwen fine it dreech om bygelyks de administraasje te dwaan. Hovenier Support wol dêrby helpe. Se jouwe advys oer bygelyks in rekken skriuwe of in funksjonearringspetear hâlde.

Der is wol in bransjeferiening foar túnbedriuwen, mar dy soe net goed advys jaan, seit eigener Mello Tenge fan Hovenier Support. Under oare troch de krisis sitte in soad bedriuwen yn swierrichheden. Tenge hat sels twintich jier lang in túnbedriuw hân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)