Advys: wynturbine Kollumerlân

06 jul 2009 - 23:06

Mei ien wynturbine kin de gemeente Kollumerlân enerzjy krije foar alle gemeentlike gebouwen, auto's en de iepenbiere ferljochting. Dat is it advys fan 4 studinten fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert.

De studinten makken yn opdracht fan de gemeente in stappeplan om de gemeentlike organisaasje yn 2012 enerzjyneutraal te meitsjen. De gemeente wol it goeie foarbyld jaan, want de hiele gemeente Kollumerlân moat yn 2020 enerzjyneutraal weze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)