Advys wetterskip yn Mozambyk

07 mrt 2013 - 11:27

Wetterskip Fryslân helpt mei om oerstreamings yn Mozambyk yn de takomst foar te kommen. Yn it Afrikaanske lân kamen in moanne lyn tsientallen minsken om by oerstreamings en moasten sa'n 80-tûzen bewenners evakueard wurde.

Mozambyk wol nei ús lân sjen hoe't oerstreamings oanpakt wurde moatte, want Nederlân hat der ûnderfining mei. It Wetterskip hat de ôfrûne wiken de problemen ynventariseard.

It Wetterskip sil advys jaan oan de regionale wetterbehearder yn Mozambyk oer behear en ûnderhâld fan diken en hoe't se dêr jild foar ynsammelje kinne. Ek wurdt útlein hoe't se oerstreamings foarsizze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)