Advys Sintrale As wurdt útsteld

02 mrt 2006 - 12:18

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel sil foar de gemeenteriedsferkiezings fan takom wike gjin advys jaan oer de Sintrale As. Ek de CDA-fraksje fynt dat se te min ynformaasje krigen ha fan de provinsje om in advys te jaan. Mei it CDA derby is der in mearderheid yn de rie dy't net oer it plan stemme wol.

Deputearre Ton Baas wol lykwols dat alle Sintrale As-gemeenten har beslút foar de ferkiezings fan 7 maart bekendmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)