Advys om seedyk op te heegjen

03 sep 2008 - 12:36
  • Hegere diken moatte Fryslân beskermje

It wetterpeil yn de Iselmar moat oardel meter heger. Dat stiet yn it advys fan de Deltakommisje. Dy kommisje hat ûndersocht wat nedich is om Nederlân te beskermjen tsjin de heger wurdende seespegel.

Troch it wetterpeil yn de Iselmar te ferheegjen kin makliker loasd wurde op see. Ek wurdt de foarried swietwetter grutter. Gefolch is wol dat de diken om de Iselmar hinne heger makke wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)