Advys: ierdwaarmte yn kassen

02 jul 2008 - 17:46

Der kin hiel goed ierdwaarmte brûkt wurde yn it nije glêstúnbougebiet by Seisbierrum. Dat docht bliken út in helberensstúdzje. Op 3000 meter djipte is in 200 meter dikke laach hiel hyt wetter fûn. En it kin ek wol út om dat te brûken foar it ferwaarmjen fan de nij te bouwen kassen yn it gebiet.

De kâns is dêrom net grut dat it ûndersyk mar wat yn in laat lizzen bliuwt, seit projektmanager Westergozône Rik Siebers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)