Advys Hearrenfean: ruten ticht

09 jun 2013 - 09:21

De plysje advisearret ynwenners fan it sintrum fan It Hearrenfean har ruten en doarren ticht te hâlden. It sintrum hat te krijen mei de reek dy't frijkomt by in brân op de Saturnus op It Hearrenfean. Dêr stean meardere frachtauto's yn 'e brân. Omdat dy yn 'e buert fan in tankstasjon en in distribúsjesintrum fan de Lidl stean, is de brân opskaald ta 'zeer groot'. Dat betsjut ek dat der meardere korpsen dwaande binne mei it blussen. De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak om in oere as acht hinne. Omwenners hawwe ek ferskate knallen heard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)