Advys: fúzje fan 5 gemeenten

22 sep 2008 - 17:05
  • De kaart fan 'e fúzjegemeente

Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel, Boalsert en Wûnseradiel moatte mei-inoar ien nije gemeente foarmje. Dat is it advys fan ynformateur Harm Bruins Slot. Gaasterlân-Sleat falt foarearst bûten de boat. Dy gemeente wit noch net wêr't it by hearre wol. Gaasterlân soe ek neier gearwurkje kinne mei Lemsterlân en Skarsterlân.

Bruins Slot hat de ôfrûne wiken praat mei bestjoerders en riedsleden út 9 gemeenten. De nije fúzjegemeente moat op syn minst 80.0000 ynwenners hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)