Advys: Frysk wol yn grûnwet

14 jan 2009 - 10:51

It Konsultatyf Orgaan Frysk hat minister Ter Horst fan ynlânske saken advisearre om it Frysk op te nimmen yn de grûnwet as it Nederlânsk der ek yn komt. Ter Horst hat ferline jier de Twadde Keamer tasein om te ûndersykjen oft it mooglik is om njonken it Nederlânsk ek it Frysk in plak te jaan yn de grûnwet.

Nije wike wurdt der yn de Twadde Keamer wer praat oer it oanpassen fan de grûnwet. Oft de minister it advys ek oernimt is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)