Advys foar skriesmaatregels

13 des 2005 - 20:16

It Van Hall Ynstitút yn Ljouwert hat mei de Agraryske Natuerferiening maatregels opsteld foar de minne skriezestân. De pykjes wurde opfretten troch foksen, krieën en katten.

Beammen en boskjes dêr't krieën yn sitte moatte kapt wurde. Fierders moatte ôfskrikwekkende geurstoffen om de nêsten hinne lein wurde en moatte boeren mei in grutte bôge om de nêsten hinne meane. En neisoargers meie de nêsten net mear markeare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)