Advokaten gean troch mei protest tsjin nije regels ferhoar

03 mrt 2016 - 20:50

Advokaten bliuwe fûl aksjefieren tsjin de nije regels foar ferhoarsbystân dy't 1 maart yngien binne. In groep Fryske advokaten hat no besletten om wol by de ferhoaren oanwêzich te wêzen, mar dan net de mûle te hâlden. 

Ien fan dy advokaten is Bart Canoy fan Ljouwert. "Ik doch dêr gewoan myn wurk, en as se dat net goed fine, dan stjoere se my mar fuort. Dan komt dat yn it dossier en dan kinne we altyd by de rjochter sizze dat it gjin rjochtmjittich ferhoar wie. Sa krijt de minister dochs in klap om de earen, wylst we de kliïnt sparje."

Net stil yn in hoekje

Ek advokaat Eva Bakx fan It Hearrenfean sil har hearre litte by de ferhoaren. "Ik bliuw net stil yn in hoekje sitten." Se hat earder ek by ferhoaren west en doe wol dingen sein, dus no ferwachtet se gjin problemen. "Mar je binne wol ôfhinklik fan yndividuele resjersjeurs. En dat soe net moatte."

De advokaten meitsje har grutte soargen oer de nije regels. Se meie wol by in ferhoar wêze, mar se meie eins neat sizze. Neffens de advokaten is dat yn striid mei it Europeesk rjocht. Boppedat fine de advokaten dat se temin betelle wurde foar de ferhoarsbystân. De standertfergoeding leit neffens de advokaten tusken de 150 en de 300 euro en dêrmei wurdt gjin rekken holden mei it tal ferhoaren of hoelang se duorje. 

Koart pleit

De Nederlânske Feriening fan Strafrjochtadvokaten hat hjiroer in koart pleit oanspand tsjin de steat. Dat tsjinnet op 17 maart by de rjochtbank yn Den Haach. 

De advokaten ha moandei mei it ministearje fan Justysje praat oer de kwestje, mar dat petear is op neat útrûn. De minister hat earder sein dat er op basis fan de praktyk sil besjen oft der noch ferbetteringen mooglik binne.

Mear oer it protest fan de advokaten freed om 17:40 oere yn it radioprogramma Weistra op wei mei Eric Ennema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)