Advokaat Roosjen: Mear jild foar opfang en begelieding

22 okt 2015 - 16:53

Om minsken lykas Udo D. fan strjitte te hâlden, moat je mear jild útlûke foar opfang en begelieding. Dat seit advokaat Sierd Roosjen fan Drachten. Hy is spesjalisearre yn tbs-saken. Udo D. brocht moandei mei swier geweld in frou om it libben. In oare frou waard delstutsen en ek soe hy noch twa oare froulju oanfallen ha.

Boargemaster Ferd Crone sei earder dat hy net de macht hat sa'n man wer fêst te krijen. Dêr is neat oan te dwaan, stelt Roosjen. As ien útbehannele is, komt dy persoan frij. Jo witte net oft hy wer de fout yngean sil. Wol je soks foarkomme dan moat je in soad minsken fêstsette. En de measten sille net ien kwea dwaan, seit Roosjen.

Boargemaster Crone hat in ûndersyk ynsteld en wol de ûnderste stien boppe ha. Wat Roosjen benammen nijsgjirrich fynt, is wer't Udo D. by syn earste swiere geweldsdelikt krekt foar feroardield is en wêrom't hy doe net fuort tbs mei twangferpleging krigen hat. Hie dat al it gefal west dan hie D. nei alle gedachten noch net frij op strjitte rûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)