Advokaat oer saak tsjin rjochter

23 maaie 2006 - 14:22

De rjochtbank Swolle-Lelystêd hat net it foech om wat te sizzen oer de saak tsjin in riedshear fan it Gerjochtshôf yn Ljouwert. Dat fynt syn advokaat Peter Plasman. De riedshear moat foar de rjochter ferskine, fanwege poging ta deaslach op syn eks-freondinne. Hy soe besocht ha de frou te wurgjen.

Saken fan de rjochtbank Swolle wurde yn heger berop troch it Gerjochtshôf yn Ljouwert en Arnhem behannele. Dêrom soe de saak net-ûntfanklik wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)