Advokaat Klunder nei Amsterdam

30 apr 2011 - 09:01
  • Barbara Klunder

Advokaat Barbara Klunder fan it Ljouwerter kantoar Rotshuizen en Geense giet mei yngong fan moandei as advokaat oan de slach yn Amsterdam. Klunder is de advokaat fan Sietske H. út Nij Beets, de frou dy't 4 krekt berne poppen om it libben brocht hat.

Barbara Klunder nimt de saak fan Sietske H. mei nei har nije wurkjouwer. Dat is yn goed oerlis besletten. Klunder sil tiisdei net oanwêzich wêze by de útspraak yn de saak Sietske H.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)