Advokaat: gjin bernemoard

19 apr 2011 - 17:01

Advokaat Klunder fan Sietske H. freget yn har pleit om frijspraak fan it deadzjen fan de earste beide poppen en frijspraak fan moard op de tredde en fjirde poppe. Earder easke de offisier 12 jier sel foar deaslach op de earste poppe en moard op de oare trije.

Neffens de advokaat kin net bewiisd wurde dat de earste beide poppen by de berte noch libben. By de oare beide soe it net om moard mar om deaslach gean omdat Sietske net bewust hannele en yn in bysûndere moedstastân wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)