Advizen oer takomst Koornbeurs

03 nov 2014 - 19:43
  • De Koornbeurs yn Frjentsjer

De Koornbeurs yn Frjentsjer moat folle minder profesjonele teaterfoarstellings programmearje om út de kosten te kommen. It teater moat boppedat in omslach meitsje nei in mienskipssintrum dêr't regionale selskippen in plak krije kinne.

Dat binne inkelde fan de konklúzjes fan it buro BMC, dat yn opdracht fan de gemeente Frjentsjerteradiel ûndersyk dien hat nei de takomst fan it teater. De gemeente wol yn 't jier net mear as 350.000 euro stipe jaan oan de Koornbeurs. De lêste jierren moast der hieltyd jild by, om't it tal besikers ôfnimt.

Direkteur Lineke Kortekaas fan De Koornbeurs woe noch net reagearje op it rapport van BMC en it beslút fan it kolleezje fan b. en w. dat it advys fan it buro oernimt. De ried moat dêr ynkoarten in beslút oer nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)