Advizen oer hegere seespegel

14 okt 2009 - 12:32
  • It rapport

Der binne natuerlike manieren om it fêste lân te beskermjen as de seespegel mei ien meter omheech giet. Dat seit in ûndersyksrapport fan Atelier Fryslân. By de Iselmarkust soene sânbanken in buffer wêze kinne, by de Waadsee jildt dat foar de kwelders. Op Skylge soe in driuwende haven en in útklapbere dyk helpe kinne.

De kommisje Veerman joech earder oan dat dizze ieu in wetterpeilferheging fan 1,5 meter ferwachte wurdt en pleite foar in ferheging fan seediken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)