Adviseur foar weryndieling

05 okt 2010 - 17:11

De kâns is lyts dat Littenseradiel as selstannige gemeente operearje kin nei de weryndieling yn Fryslân. Dat tinkt Fred Schriever. Hy is troch de provinsje oansteld om de weryndieling yn kaart bringen. Schriever hat yn it ferline meardere fúzjes begelaat.

Hy praat de kommende tiid mei alle gemeentebestjoeren om der achter te kommen hoe't sy har takomst sjogge. In gemeente lykas Littenseradiel hat neffens him net genôch amtners om alle taken oan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)