Advertinsje 'bern te keap' grap

13 jan 2006 - 10:07

In 15-jierrige jonge út Ljouwert hat bekend dat er in advertinsje op ynternet setten hat, dêr't in bern yn oanbean waard. Yn de advertinsje op de populêre webside Marktplaats.nl die de jonge him foar as wanhopige mem, dy't fan har soantsje fan 1 jier ôf woe.

De plysje hat in petear hân mei de Ljouwerter. Hy sei dat it om grap gie en dat er der spyt fan hat. De jonge soe ek yn in berjocht op Marktplaats.nl syn ekskuses oanbean ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)