Adverium begjint twadde libben

24 feb 2003 - 00:00

It Adverium yn Drachten wol oan in nij libben begjinne. It sintrum krijt in oare namme, Exxin. It Adverium rint no net goed. Der steane romtes leech, it hat de namme djoer te wêzen en der komme te min minsken.

Yn it nije Exxin moat dat allegear feroarje. It binnenplein wurdt ferwaarme, der komme mear aktiviteiten en it oanbod feroaret. It nije ynformaasjesintrum foar bouwen en wenjen moat healwei maart iepen gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)