Adventurerun Amelân populêr

23 nov 2009 - 10:57
  • De rûte fan 'e Adventurerun fan 12 desimber

De sechde Amelanner Adventure Run lûkt dit jier folle mear hurdrinners nei it eilân as oare jierren. Mei-inoar dogge op sneon 12 desimber 2700 minsken mei.

Ferline jier wiene dat der noch mar 1500. Neffens SV Fryslân, dy't de run organisearret, hie it tal ynskriuwings wol oer de 3.000 gean kinnen, mar hawwe se sels in limyt fêststeld. It is foar it earst dat safolle minsken meidwaan sille. SV Fryslân sjocht it dan ek as in proef om te sjen hoefolle minsken It Amelân eins oankin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)