Adventure Run giet troch

10 des 2010 - 17:47

De organisaasje fan de Adventure Run op It Amelân giet der fanút dat de loop oer de 5 en 10 kilometer sneon gewoan trochgean kin. Tongersdei waard besletten dat de heale maraton net trochgiet yn ferbân mei it winterske waar.

De organisaasje SV Friesland hat freed noch drok dwaande west om it parkoers foar de koartere ôfstannen snie- en iisfrij te meitsjen. Ek sneontemoarn sil der noch fan alles dien wurde om it parkoers begeanber te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)