Advendo út Snits makket yndruk yn Dútslân

23 feb 2015 - 17:59
  • Advendo

Mei trije grutte optredens yn Dútslân hat muzykkorps Advendo fan Snits dit wykein safolle yndruk makke, dat der ek oanfragen lizze út Berlyn en it Belgyske Lommel. Advendo die mei oan de Musikparade' yn Hamburg, Keulen en Münster. De Musikparade is in show fan trije oeren dy't fan it iene plak nei it oare reizget, foar in publyk fan tusken de 5.000 en 18.000 minsken. Yn Dútslân binne optredens fan muzykkorpsen tradisjoneel, mei folle mear show as by Advendo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)