Advendo net nei Sina

19 apr 2008 - 10:44

Fanfare Advendo út Snits sjocht ôf fan in foar juny plande reis nei Sina. It slagget de fanfare net it nedige jild byelkoar te bringen. Der is op dit stuit noch in flink gat yn 'e begrutting, Advendo ferwachtet net dat foar juny ticht te krijen.

Advendo fynt it spitich dat de reis net trochgiet. It wie foar de fanfare de earste kear dat der in besite oan Azië brocht wurde soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)