Advendo-aksje foar nije leden

23 aug 2014 - 11:59
  • Jong talint op de iepen dei fan Advendo yn Snits

Ferienings hawwe ferlet fan nije leden. Benammen jongerein, want it is dreech om dy fêst te hâlden. Jongelju binne in soad tiid kwyt oan oare saken, lykas skoalle. Dat jildt ek foar Advendo yn Snits, dat 300 leden telt. De top show-band is altyd op syk nei jong talint en dêrom is der sneon in iepen dei. Ferline jier smiet dat 23 nije leden op.

Sneontemoarn wiene der workshops yn it klupgebou. De bern koenen swaaie mei flaggen, blaze op trompetten en trommelje. Sneontemiddei geane de korpsen fan Advendo troch Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)