ADSL yn Koudum en Hylpen

01 maaie 2003 - 00:00

Ynwenners fan Koudum, Hylpen en it westlik part fan It Heidenskip kinne ynkoarten in stik flugger ynternette. It is slagge om genôch minsken te ynteressearjen foar in flugge ferbi- ning. It wie earst noch mar de fraach oft der in ADSL-ferbining komme koe, want KPN hat swiere betingsten steld.

Sa moat ien op de fjouwer húshâldings meidwaan. Dat stribjen is yn Koudum mear as slagge. Yn Heech moatte noch 83 húshâldens of bedriuwen mear fûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)