Adriene Snijder wint omloop

04 apr 2010 - 17:48

Adriene Snijder hat snein de earste Molenomloop fan de Schermer - in memoriam Theo Koomen wûn. De hurdfytster út Mûnein gong op seis kilometer foar de einstreek op aventoer. De oare seis fan de kopgroep seagen har net werom. De 20-jierrige Snijder fytst foar it Batavus Ladies Cycling team.

Har ploechgenoate Vera Koedooder waard twadde, Elisabeth Braam fan deselde ploech waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)