ADO - Hearrenfean op 16 maart

08 mrt 2005 - 15:53

De fuotbalwedstriid tusken ADO Den Haag en SC Hearrenfean wurdt op woansdei 16 maart spile. De wedstriid stie eins foar ôfrûne sneon op it programma, mar waard ôflast fanwege de snie.

Dat betsjut dat Hearrenfean in pittich programma krijt. Fjouwer dagen letter stiet de swiere útwedstriid tsjin FC Utrecht alwer foar de doar. Utrecht is in direkte konkurrint foar Europeesk fuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)