Adema iepenet 60-km-diken

14 apr 2011 - 16:57
  • Deputearre Adema en wethâlder Jongebloed (Foto's: Geale Groen, Omrop Fryslân)
  • Jongebloed is wethâlder fan Weststellingwerf

Op de tolve provinsjale paralleldiken yn Fryslân mei tenei net hurder riden wurde as 60. Deputearre Piet Adema pleatste tongersdei yn Westellingwerf it earste 60 km-boerd.

Fierders sille der de helte minder reflektorpealtsjes yn de bermen stean, no om de 50 meter en aanst om de 100 meter. Automobilisten soene dan foarsichtiger ride en it smyt 47.000 euro yn it jier op fanwege minder ûnderhâld. Op guon diken wurde alle pealtsjes fuorthelle as proef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)