Adema beneamd as waarnimmer

09 aug 2013 - 10:35
  • Piet Adema

Piet Adema is beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Tynaarlo. Dat hat de provinsje Drinte bekend makke. De hjoeddeiske boargemaster is nei alle gedachten foar langere tiid mei sykteferlof. Oarsaak dêrfan binne politike en bestjoerlike spanningen. Adema wie earder deputearre yn Fryslân en waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen. De namme fan Adema lekte earder al út, mar doe woene sawol de gemeente Tynaarlo, de provinsje Drinte as Adema sels gjin kommentaar jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)