Adelinde trainde yn Sportstêd

09 aug 2012 - 17:30
  • Sportstêd Hearrenfean

Amazône Adelinde Cornelissen hat tongersdeitemiddei sulver helle op de kuer op de Olympyske Spelen. Om har op de wedstryd ta te rieden, hat Cornelissen in jier lang traind yn Sportstêd Hearrenfean.

Coach Tjalling van den Berg trainde Cornelissen elke woansdei nei de training fan Epke Zonderland. Van den Berg is grutsk op Cornelissen, mar baalt fan it sulver. "It is in fantastyske sportfrou dy't echt foar goud giet."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)