AD: oaljekoeken út Snits 'blok stopferve'

27 des 2014 - 10:10
  • Ricardo van der Wiel, oaljekoekbakker yn Snits

Bakker Vliegendehond fan Wolvegea is lykas de ôfrûne jierren as bêste Fries oaljekoekbakker einige yn de jierlikse oaljekoektest fan it Algemeen Dagblad. De bakker stiet op in 23e plak. Ferline jier wie dat noch in sânde plak. Ferskate priuwers fan de krante notearden dit jier wat in aparte bysmaak en dêrom is de bakker út Wolvegea wat sakke op de list.

'Net te iten' binne neffens it AD de oaljekoeken fan de Hollandse Gebakkraam op it Boschplein yn Snits. De krante omskriuwt se as in massyf blok stopferve, dat as in stien op 'e mage leit.

De oare twa Fryske dielnimmers skoare better: yn de kategoryen 'rom foldwaande' stiet de oaljekoekkream op it Boargemaster Kuperusplein op it Hearrenfean. De oaljekoekkream by de Albert Heijn oan de Tynjedyk yn Ljouwert stiet op it 100e plak, noch krekt yn de kategory 'foldwaande'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)