AD-hjerringtest ek yn Fryslân

16 jul 2006 - 12:40

De fiskboer oan de Noarderbrêge yn Ljouwert krijt in 3 yn de jierlikse hjerringtest fan it Algemeen Dagblad. Fan de 72 teste kreamen yn Nederlân waarden der trije yn Fryslân besocht. Visser einige op it 56e plak.

It AD neamt de hjerring fan Visser 'slappe, papperige hap'. Sels tinkt Visser dat syn klanten wol better wite. Fiskboer Annema yn Hurdegaryp krige in 4,5 en Marten's Fish & Chips yn Frjentsjer in 5,5.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)